Skip to main content

Lisette hat sjoen hoe traumatisearre bisten wêze kinne, wannear’t se opfongen wurde yn it grutte opfangsintrum fan Stichting AAP yn Almere. Nei in skoft yn karantêne ferbleaun te hawwen, kinne sy stapke foar stapke sosjalisearre. Bisten moatte wer leare om mei oare bisten om te gean.“Chimpansees zijn groepsdieren, die moet je toch niet alleen willen houden?” It fertrietet Lisette, sy kin der wol lilk om wurde. “Gelukkig is er nu in Europa een positief lijst met dieren die je wél als huisdier mag houden. Steeds meer landen sluiten zich hier bij aan, waardoor ook wilde dieren niet meer in het circus gebruikt mogen worden. Dieren moeten daarna wel een goede plek krijgen. Bij Stichting AAP krijgen dieren alle ruimte, ruimte om dier te zijn.”

Desennialang stipet Lisette it wurk fan Stichting AAP. Neist in opfanglokaasje yn Almere hawwe sy ek in lokaasje yn Spanje. Bisten wurde opvongen, sosjalisearre en der wurdt sjoen nei in plak wêr’t de bisten dêrnei hinne kinne. Dat kin bygelyks yn in bistetún wêze yn binnen- of bûtenlân. Om it ferfier te bekostigjen kinne Airmiles donearre wurde. Troch it ynsammeljen fan cartridges en tillefoans komt der jild binnen om it wurk mei mooglik te meitsjen.

Janny Dijkstra, mei woartels yn Easterein, wurket foar We-Collect yn Grou. Dat is de logistyk partner foar Stichting AAP foar de ynsammeling fan inketcartridges, mobile tillefoans, tablets/iPads en laptops. It werbrûkjen fan grûnstoffen út de elektroanyske apparatuer soarget dat de natuer minder beleste wurdt om nije grûnstoffen te sammeljen, mar ek binne der minder rêstprodukten. Foar cartridges jildt itselde, mar dy wurde op ‘e nij folle. Inketcartridges wurde dan as alternatyf ferkocht, wat net allinnich duorsumer is, mar ek guodkeaper as it orizjineel. Foar grutte toners fan professjoniele apparaten is gjin merk, dy moatte by it gemysk ôffal ynlevere wurde. Lytse inketcartridges foar partikulier gebrûk krije in twadde libben. Stichting AAP krijt foar de cartridges en de lytse elektroanyske apparatuer, sa as de mobile tillefoans, jild.
“Het is zo onnadenkend als je een aap in huis haalt,” ferfolget Lisette har ferhaal. “Vaak wordt de moeder doodgeschoten om het jong te vangen. Het is dan mooi om te zien hoe Stichting AAP een primaat weer een aapwaardig bestaan geeft, maar er is ook ruimte voor allerlei andere dieren. Denk aan een circusleeuw die met pensioen moet, grondeekhoorns of wasberen. Stichting AAP zorgt voor een beter bestaan.”

Inleverpunt Burgwerd
Lytse cartridges, lege tillefoans, tablets en laptops
De Opfeart 8, 8742 KW Burchwert
Yn in plestik pûdsje by de foardoar
Mear ynleveradressen: we-collect.nl

 

door: Gerben van Snits – Op ‘e Skille) “Het gaat mij aan het hart,” fertelt Lisette Meindersma fan Burchwert. “Hoe onnadenkend mensen zijn om een exotisch dier in huis te willen houden. Malloten, die dieren vaak onder erbarmelijke omstandigheden denken te moeten houden.”